Utstalling 'Op de Thee' ferlingd fanwege súkses

13 apr 2015 - 15:21
  • Affysje útstalling Op de thee yn museum Princessehof

De tentoanstelling 'Op de Thee' yn Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert wurdt ferlingd. Dat hat it museum besletten omdat de útstalling in hiel soad minsken lûkt. Snein kaam de 25.000e besiker. Minsken wurdearje de tentoanstelling ek bot, mei gemiddeld in dikke acht.

Yn Op de Thee komme minsken yn de kunde mei ferskillende teekultueren, út bygelyks Sina, Japan en it Midden-Easten. De tentoanstelling is noch te sjen oant en mei 5 july.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)