Utstalling oer Nynke fan Hichtum

06 des 2000 - 17:38

'De koffer fan Nynke' is de nije útstalling fan it FLMD yn Ljouwert. De biografe fan Nynke fan Hichtum, Aukje Holtrop, iepent de eksposysje woansdei yn de Waalske tsjerke mei in ynlieding oer har ûndersyk nei de berneboekeskriuwster.

By de útstalling is omtinken foar it neilittenskip en fuortbestean fan Nynke fan Hichtum. Der binne neist foto's ek brieven, hânskriften en boeken te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)