Utstalling oer homo's yn WO II

25 jan 2007 - 10:04
  • Byld fan 'e útstalling 'Wie kan ik nog vertrouwen'

Yn it Fries Museum yn Ljouwert is de kommende moannen in útstalling te sjen oer homoseksualiteit yn nazi-Dútslân en beset Nederlân. De tentoanstelling lit mei bylden en persoanlike ferhalen it libben sjen fan homo's en lesbiennes tusken 1933 en 1945.

De eksposysje is in inisjatyf fan it Internationaal Homo/Lesbisch Informatiecentrum en Archief. Hy is te sjen fan begjin febrewaris oant heal maaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)