Utstalling oer Amerikaansk oarlochsslachtoffer yn Koehoal

29 apr 2015 - 14:57
  • Skilderij fan de bommewerper yn problemen boppe Koehoal
  • De kaart fan ko-piloat Robinson

Yn 'e nacht fan 11 desimber 1943 springe acht Amerikanen boppe Koehoal út in brânende B17 bommewerper. Ien fan harren spielt oan by Pitersbierrum. Ko-piloat Frederick B. Robinson hat, lykas sân oaren, de sprong net oerlibbe. Hy wurdt earst begroeven by Pitersbierrum en letter by Margraten.

It ferhaal fan Robinson is it kommende wykein yn 'e bunker fan Koehoal te sjen. Yn 'e útstalling is ûnder oare in kaart te sjen fan de ko-piloat en needjild. Ek hat it bestjoer fan de bunker rapporten fan it fleantúch, dat úteinlik yn Ingelân oankaam.

De útstalling sil ek besocht wurde troch de nicht fan ko-piloat Robinson. Sy wol graach witte wêr't har omke de dea fûn hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)