Utstalling oer âlderein iepene

07 maaie 2006 - 13:00

Yn it gemeentehûs fan Eaststellingwerf is freed de útstalling 'Gemiddelde leeftijd 96,5' iepene. It projekt is in inisjatyf fan Doarpsbelang Easterwâlde. Dat fiert dit jier syn 100-jierrich bestean en wol de rol fan âlderen yn de mienskip beljochtsje.

De útstalling bestiet út seis flaggen mei dêrop in gesicht en in tekst fan in man of frou dy't tsjin de 100 rint. De útstalling is noch in moanne te besjen yn it gemeentehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)