Utstalling oer 150 jier Thialf

21 des 2004 - 16:58

Yn museum Willem van Haren op it Hearrenfean wurdt tongersdei de útstalling oer 150 jier iisferiening Thialf iepene. De eksposysje jout in byld fan 'e ûntjouwing fan it riden yn de lêste oardel ieu.

Thialf waard op 15 febrewaris 1855 oprjochte yn herberch Mebius. Thialf spile in grutte rol by it oprjochtsjen fan 'e KNSB yn 1882 en de ISU yn 1892. Yn 1895 iepene Thialf de 'grutste iisbaan fan Nederlân'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)