Utstalling 'man fan miljoen'

19 sep 2003 - 00:00

Yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert hat Rients Gratama freed in útstalling iepene mei wurk fan de Ljouwerter fotograaf Dick van der Heijde. 'De man fan in miljoen negativen', sa't de fotograaf syn bynamme wie, is ferline jier ferstoarn.

Van der Heijde liet in wrâld oan foto's nei fan de stêd en har bewenners. De útstalling toant in earste seleksje út syn wurk. De foto's binne noch oant begjin takom jier te besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)