Utstalling befrijing fan H'fean

06 maaie 2005 - 15:45

Yn it museum Willem van Haren op It Hearrenfean is tongersdei in foto- útstalling iepene oer de Dútse besetting en de befrijing fan It Hearrenfean. Dy befrijing wie op 15 april 1945. De útstalling is opsteld yn it keunstkafee fan it museum.

De foto's komme benammen út de museumkolleksje, mar der komt ek materiaal fan de histoaryske wurkgroep Kynhout yn De Knipe. De foto-útstalling bliuwt stean oant en mei snein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)