Utstalling 'Alias & Alibi'

24 jan 2005 - 10:39

De útstalling 'Alias & Alibi' is sneon iepene yn it Frysk Museum yn Ljouwert. Sintraal yn 'Alias & Alibi' stiet it gebrûk fan alter ego's en kloanen yn de hjoeddeistige keunst. Yn ynstallaasjes, fideo's, films en fideoklips fiere ferskate keunstners har 'oare ik' op.

By de útstalling heart ek in fariearre aktiviteiteprogramma. Sa wurdt op 26 en 27 febrewaris yn it Filmhûs yn Ljouwert de filmsyklus 'Cremaster Cycle' fan Matthew Barney fertoand.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)