Utstalling '2 Goedheiligmannen'

16 nov 2003 - 00:00

Sint Marten en Sinteklaas steane sintraal by de útstalling 'Twee Goedheiligmannen' yn de Skierstins yn Feanwâlden. Elkenien dy't mear witte wol oer de achtergrûn fan de beide hilligen en sjen wol hoe faak oft se wol net ferneamd binne, kin yn de Skierstins terjochte.

It is foaral in eksposyje foar skoalklassen en foar pakes en beppes mei de bernsbern. De útstalling duorret noch oant en mei 5 desimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)