Utspraken heger berop Doede de Jong en tbs-saak Sietske H.

29 okt 2015 - 07:39
  • Justysje

Himpkweker Doede de Jong fan Appelskea krijt tongersdei fan it gerjochtshôf te hearren oft hy yn heger berop ek straft wurdt of frijsprutsen. Sietske H. fan Nij Beets krijt tongersdei te hearren oft har tbs mei in jier ferlingd wurdt.

De Jong is earder troch de rjochtbank feroardiele ta twa moanne selstraf foar it ferbouwen fan himp. De biologyske kweker snapt lykwols net dat in produkt dat wol ferkocht wurde mei, net ferboud wurde mei. By Sietske H. hat de klinyk dêr't se behannele wurdt, advisearre de tbs te ferlingen.

Sy hat sels ek oanjûn graach in ferlinging te wollen.

Sietske H. waard yn 2012 feroardiele ta trije jier sel mei tbs en twangferpleging, fanwege it ombringen fan har fjouwer poppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)