Utspraak yn woekerpoalisaffêre kin in soad jild opsmite

28 apr 2015 - 17:33

It wurdt woansdei in spannende dei fan dupearden fan in saneamde woekerpoalis. It Europeeske Hôf fan Justysje docht dan útspraak oer de klacht fan in Nederlanner, dy’t seit dat Nationale Nederlanden him net genôch ynformaasje jûn hat by it ôfsluten fan wat letter in woekerpoalis blykte te wêzen. Yn 2006 kaam oan it ljocht dat in soad fersekeraars te hege kosten rekkenen foar harren belizzingsfersekeringen, no bekend as woekerpoalissen. Dêrtroch holden fersekerden folle minder jild oer as harren by it ôfsluten foarspegele waard.

Sûnt doe besykje in soad dupearden in skeafergoeding te krijen. De Fryske advokaat Harm Jan Tulp hat yn it ferline tûzenen dupearren fertsjintwurdige en folget de saak op de foet. In adviseur fan it hôf hat ferline jier de Nederlanner al gelyk jûn yn dizze saak. As it hôf dit advys opfolget, dan soe Nationale Nederlanden mar ek oare fersekeraars in claim ferwachtsje kinne dy’t yn de miljarden rint. Mar neffens Tulp wurdt it hiel dreech as fersekeringsmaatskippijen betelje moatte, want ‘se ha hast gjin fet mear op de bonken’.

Yn de jierren njoggentich binne yn totaal sa’n 7 miljoen woekerpoalissen ferkocht, wêrfan sa’n 595.000 troch Nationale Nederlanden. Advokaat Harm Jan Tulp is tiisdei te gast yn it televyzjeprogramma Bynt. Hy fertelt dan mear oer de woekerpoalissen, dupearren en de gefolgen fan in útspraak yn dizze saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)