Utspraak yn saak-Smedema

07 feb 2013 - 11:22

It gerjochtshôf yn Ljouwert docht tongersdeitemiddei útspraak yn de saak-Smedema. Tsjin de haadfertochte waard yn heger berop trije jier selstraf easke. Tsjin fiif oare fertochten easke it Iepenbier Ministearje wurkstraffen fan goed 200 oeren. De seis wurde derfan fertocht yn april 2010 de 16-jierrige Redmar Smedema deaskopt en deaslein te hawwen.

De fertochten waarden earder by de rjochtbank frijsprutsen. It Iepenbier Ministearje koe him dêr net yn fine en gie yn heger berop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)