Utspraak yn saak Sietske H.

11 okt 2012 - 06:35

It Hôf yn Ljouwert docht tongersdei útspraak yn de saak fan Sietske H. Yn de hegerberopsaak is 4 jier sel en tbs mei twangferpleging easke. Troch de rjochtbank waard se earder ta 12 jier sel feroardiele. Se woe net meiwurkje oan psychologysk ûndersyk. Yntusken hat se dat al dien en is dúdlik wurden dat se in harsenôfwiking hat, wêrtroch it har ûntbrekt oan noarmbesef en selsrefleksje.

Sietske H. út Nij Beets hat tusken 2003 en 2009 har fjouwer poppen om it libben brocht en bewarre de lykjes yn koffers op souder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)