Utspraak yn asbest-saak

17 mrt 2005 - 11:04

De gemeente Tytsjerksteradiel draait sels op foar de kosten fan in asbestferwidering yn Burgum. Dat hat de Raad van State bepaald. Acht jier lyn bepaalde de Arbeidsynspeksje dat der 2000 ton grûn oan de Oppedijk van Veenwijkweg ferwidere wurde moast. It opromjen dêrfan koste hûnderttûzenen euro's ekstra om't der hielendal gjin asbest achterbliuwe mocht.

Letter is it asbestbelied bijsteld. De gemeente moat lykwols sels betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)