Utspraak Thialf

19 mrt 2014 - 05:58
  • Thialf

De rjochter beslút woansdei wa't it nije Thialf bouwe mei. It koart pleit tsjin de gunning fan it miljoeneprojekt oan Ballast Nedam is oanspand troch ûnder oare it boukonsortium Dijkstra Draisma-Jorritsma. De boubedriuwen fine dat de gunningsproseduere foar de fer-nijbou fan it iisstadion op It Hearrenfean net goed dien is.

Omrop Fryslân stjoert de útspraak streekrocht út op televyzje, radio en www.omroplive.nl. De útstjoering begjint om 13.30 oere. De útspraak is ek te folgjen fia Twitter: @OmropFryslan en www.omropfryslan.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)