Utspraak Steatsrie oer REC

11 jan 2010 - 16:03
  • De ôffaloven yn oanbou

De Rie fan Steat docht woansdei útspraak oer de miljeufergunning foar de ôffaloven REC fan Omrin yn Harns. De útspraak folget nei de sitting dy't op 15 oktober ferline jier hâlden is.

Tsjinstanners fan de oven fregen de Rie fan Steat in streek te setten troch de miljeufergunning dy't de provinsje ôfjûn hat. De rjochters hawwe de maksimale termyn brûkt om ta in útspraak te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)