Utspraak Polderhoofdkanaal mooglik letter

30 okt 2013 - 11:05
  • It Polderhoofdkanaal

De Ried fan Steat docht mooglik letter útspraak oer de weriepening fan it Polderhoofdkanaal tusken Nij Beets en De Feanhoop. De ried hat de gemeente Opsterlân frege om ekstra ynformaasje oer hoe't berekkene is wat de weriepening opsmyt foar de wurkgelegenheid yn Nij Beets en omkriten. De gemeente hat dizze gegevens ynsichtlik makke en moat dy tongersdei opstjoere nei de steatsried. Dy sil de gegevens besjen wêrtroch't in útspraak yn dizze saak mooglik letter komt.

Wethâlder Jonkman is bliid mei it fersyk fan de steatsried en hopet op in positive útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)