Utspraak oer rolstoelferfier

24 jul 2012 - 07:23
  • Rjochter mei hammer

De rjochter bepaalt tiisdei oft de besunigings dy't it Ryk trochfiere wol op it rolstoelferfier trochgean meie. Dêrmei is it in spannende dei foar De Noorderbrug, in organisaasje foar minsken mei in beheining of groanyske sykte. In soad fan de kliïnten binne ôfhinklik fan dat rolstoelferfier om by De Noorderbrug te kommen.

Mocht de besuniging trochgean dan sil dat gefolgen hawwe foar de 40 lokaasjes fan De Noorderbrug. Mooglik moat in diel dêrfan ticht of wurde aktiviteiten fan meardere organisaasjes kombinearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)