Utspraak oer fee boerinne Kingma

02 des 2005 - 08:09

Boerinne Anne Kingma fan Jorwert is har fee nei alle gedachten definityf kwyt. De rjochtbank yn Zwolle hat it beslach opheft dat foarkomme moast dat it fee ferkocht waard. It fee fan de boerinne waard begjin dit jier yn beslach nommen om't se der net goed foar soargje soe.

Salang't de juridyske proseduere noch duorret, stean de kij by in hanneler yn Blesdike. Dy man fynt lykwols dat er sa stadichoan it rjocht hat it fee te ferkeapjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)