Utspraak oer djoere sms-kes

12 feb 2009 - 15:19

Telefoanoanbieders binne ferantwurdlik as har abonnees djoere SMS-berjochten ûntfange, ek as sy dy sels net ferstjoere. Dat hat de kantonrjochter op It Hearrenfean bepaald.

In klant fan T-mobile hie in saak oanspand, omdat hy SMS-berjochten krige foar 1,50 euro it stik. Hy woe dy berjochten hielendal net ha, mar tocht dat hy meidie oan in wedstryd dêr't er in televyzje mei winne koe. Hy hie gjin tastimming jûn foar it ôfskriuwen fan de kosten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)