Utspraak hotel Benstorff yn 2004

26 okt 2003 - 00:00

Der komt pas takommend jier dúdlikheid yn 'e saak fan hotelbaas André Zandt fan Skiermûntseach tsjin Herman Kok. Zandt wol in skeafergoeding fan Kok. Syn advokaat Garretsen gie yn kassaasje tsjin in eardere negative útspraak.

Zandt kocht yn 1994 Hotel Graaf Benstorff, en woe it ôfbrekke en opnij opbouwe. Mar doe die bliken dat de grûn fersmoarge wie. Zandt easke dêrop 400.000 gûne fan de foarige eigner Kok; oant no ta wie dat om 'e nocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)