Utspraak hôf Eastrum útsteld

17 des 2007 - 19:39

De útspraak dy't it gerjochtshôf tiisdei dwaan soe yn 'e sedesaak Eastrum is útsteld nei 1 febrewaris. Justysje wol dat der noch mear DNA-saakkundigen heard wurde. It giet om eksperts fan it Nederlânsk Forensysk Ynstitút en it Forensysk Laboratorium DNA-ûndersyk. De fertochte wurdt it ferkrêftsjen fan in 13-jierrich famke út Eastrum talêste lein, doe't se ein ferline jier nei skoalle yn Dokkum fytste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)