Utspraak ferbliuwsfergunning Sahakyans útsteld

20 jul 2015 - 15:00
  • Mem Nazan, earder by de aksje fan SC Hearrenfean

Famylje Sahakyan fan It Hearrenfean hat noch altyd gjin dúdlikheid oer in ferbliuwsfergunning. De útspraak hie de ôfrûne dagen komme moatten, mar de rjochtbank hat noch 4 oant 6 wiken nedich foar in útspraak. In reden foar it útstel is net jûn.

It Armeenske gesin wennet al 14 jier yn Nederlân mar driget no it lân útset te wurden. Mem Sahakyan fangt al jierren jonge fuotballers fan SC Hearrenfean op. De klup kaam earder al foar it gesin yn aksje en ek boargemaster Van der Zwan en keamerlid Lutz Jacobi hawwe har ynset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)