Utslaggen op laptop besjen

26 jul 2006 - 10:39

Dielnimmers oan de sylwedstriden fan de Snitswike kinne dit jier fia triedleas ynternet de útslaggen op lokaasje besjen. De Keninklike Wettersport Snits hat yn de mande mei twa ynternetbedriuwen dizze service ûntwikkele.

Wa't in laptop hat kin by it wedstrydsintrum in pas keapje wêrmei't tagong krigen wurde kin ta ynternet. De pas kostet 3 euro foar in dei en tsien euro foar in hiele wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)