Utslach KH2018 live by Omrop

05 sep 2013 - 14:32
  • Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa 2018

De striid om de Europeeske kulturele haadstêd fan 2018 te wurden, komt freed 6 septimber ta in ûntknoping. Middeis om fjouwer oere makket in sjuery yn Amsterdam bekend oft Eindhoven, Maastricht of Ljouwert de Europeeske Kulturele Haadstêd 2018 wurdt.

De bekendmakking is live te folgjen by Omrop Fryslân. Foarôfgeand oan de útslach binne de lêste ûntwikkelings te folgjen op radio, televyzje en ynternet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)