Utslach enkête Lemsterlân

05 okt 2007 - 11:41

De nije boargemaster fan Lemsterlân moat foaral maklik oan te sprekken wêze, in sosjaal gefoel ha en helder kommunisearje. Dat is de top trije út de boargemastersenkête fan Lemsterlân.

Boargemaster Jo Bosma hâldt april 2008 op. Hy hat fan 1992 ôf boargemaster west yn Lemsterlân. De befolking is yn in enkête frege om in miening oer syn opfolger. De enkête lit ek sjen dat it ien wêze moat dy't ûnôfhinklik en beslútfeardich is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)