Utslaande wenningbrân yn Drachtster sintrum

13 jul 2015 - 20:19

Oan de Drift yn Drachten hat de brânwacht moandeitejûn dwaande west mei it útmeitsjen fan in brân yn in wenning dy't brûkt waard troch in makelerskantoar. Ien persoan is út foarsoarch nei it sikehûs brocht om't er reak ynazeme hie.

Ut foarsoarch hat de brânwacht fjouwer neistlizzende wenningen ek ynspektearre, mar dêr wie gjin brân. Oer it krekte skeabedrach is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)