Utslaande brân yn wenhûs yn Eanjum

25 nov 2014 - 18:05

By in útslaande brân yn in hûs oan de Eastmahorn yn Eanjum is tiisdei oan it begjin fan de jûn flinke reek- en wetterskea ûntstien. It giet om skea oan in frijsteand fakânsjehûs dat permanint bewenne wurdt. Omdat yn earste ynstânsje net dúdlik wie oft der minsken yn it hûs wienen waard opskaald nei in middelbrân.

Dat betsjutte dat twa korpsen nei it plak fan de brân roppen waarden. By oankomst die bliken dat der net ien mear yn it hûs wie. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)