Utslaande brân yn Noardwâlde

11 sep 2014 - 23:20
  • Brân Yndustriewei yn Noardwâlde

Oan de Yndustriewei yn Noardwâlde is tongersdei om healwei alven jûns in koarte, mar fûle brân west. De brânwacht joech it alarm: middel-brân, mar hie it fjoer al rap ûnder kontrole.

Troch it fjoer yn de opslachloads fan skildersbedriuw Kranendonk is in lyts stik asbest frijkaam. Derom is in spesjaal protokol yn wurking setten. Nei mjittings fan in saakkundich bedriuw moat dúdlik wurde hoe't de asbest opromme wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)