Utslaande brân yn Drachten

17 jan 2011 - 21:36
  • In stekflam liede ta in felle brân (foto: Raymon Otter)

By in útslaande brân yn in appartemintekompleks oan de Molkkelder yn Drachten, binne moandeitejûn tsientallen minsken út harren hûs helle. De brân bruts even nei njoggenen oere út doe't in bewenner fan 17 jier de ruten skjimmakke mei spiritus en in sigaret opstuts. De helptsjinsten sloegen daalk alaarm.

Tsien neistlizzende wenningen en de sportskoalle op de begeane grûn binne ûntromme. De brân wie gau ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)