Utslaande brân Nij Altoenae

21 jun 2011 - 16:11

In pastorij yn Nij Altoenae is tiisdeitemiddei flink skansearre rekke by in brân. Dy ûnstie om in oere as healwei trijen, nei alle gedachten by it ôfbrânen fan ferve.

De boppeferdjipping is foar in grut part útbaarnd, ûnder ûntstie benammen wetterskea. De brânwacht sette meardere korpsen yn om it fjoer te blussen. De heechwurker is ek ynsetten. De bewenners koene op tiid út it hûs komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)