Utskeakele De Groot toch troch

03 aug 2011 - 14:45

It partoer fan Herman Sprik en Folkert van der Wei is mei de nije opslagger Jan Dirk de Groot troch nei de heale finale. Se fersloegen it partoer fan Pieter van Althuis, Gerrit Flisijn en Hans Wassenaar mei 5-2 en 6-0.

Jan Dirk de Groot waard mei syn partoer yn de earste omloop útskeakele troch it trio fan Gert-Anne van der Bos. Mar fanwege in blessuere by Marten van der Leest, de opslagger fan it partoer Sprik, waard De Groot frege om dy syn plak yn te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)