Utsetting aso-gesinnen ferbean

02 jan 2005 - 15:32

De útsetting fan it earste saneamde asogesin yn Ljouwert is foarearst fan de baan. Boargemaster Dales woe moandei in earste gesin dat oerlêst feroarsaket yn de buert, it hûs út sette litte. Mar de bestjoersrjochter hat dat foarearst ferbean.

Dat die freed bliken yn it programma Faktor Freed fan Omrop Fryslân. De bewenners krije earst de mooglikheid te prosedearjen tsjin de útsettings en dat kin moannen duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)