Utsette asylsykster op strjitte

28 nov 2004 - 12:56

In asylsykster út Wytmarsum is ferline woansdei op it fleantúch nei Grikelân set en dêr fuortdalik wer op strjitte set. It giet om de 46-jierrige Mahoumeh Komasi, dy't trije jier lyn flechte nei Nederlân. Sy hat it lêste jier yn de needopfang fan Wytmarsum wenne by har man dy't al earder nei ús lân kaam wie.

De Iraanse dy't gjin ferbliuwsstatus hat, is nei Grikelân brocht om't se dêr earst hinneflecht wie, neffens de IND.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)