Utsette Afgaan Hussaini werom

06 jan 2009 - 12:26
  • Hussaini mei syn trije bern

De Afgaan Mangal Hussaini dy't moandei útset is nei Afganistan is tiisdei wer weromflein nei Nederlân. Dit fanwege in útspraak fan de rjochtbank yn Amsterdam. Mei in soad opskuor waard Hussaini moandei op it fleantúch set. Under de eagen fan frou en bern waard hy ophelle út it asylsikerssintrum yn Sint Anne, dêr't de famylje al 5 jier besiket om har libben op te bouwen.

Neffens advokaat Westerhuis fan Hussaini is de man ûnterjochte útset fanwege in miskommunikaasje by de IND.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)