Utrikking sportprizen Frjentsjer

24 feb 2001 - 13:50

Frjentsjerteradiel hat tongersdei prizen útrikt foar de bêste sportman, sportfrou en sportploech fan it 2000. Yn hotel De Doelen waard Judoka Jessica de Vries beneamd ta sportfrou fan it jier.

Bodybuilder Bert de Boer is sportman fan it jier wurden. De bêste sportploech wie de toulûkferiening fan Tsjummearum. Yn de kategoary sporttalint waard turnster Mette Mulder út Frjentsjer nûmer ien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)