Utrechtenaren mishannelje frou

05 feb 2012 - 13:22

Op de A32 binne sneintemoarn trije manlju út Utrecht oanhâlden. Se soene in 20-jierrige ynwenster fan De Jouwer mishannele hawwe. De frou kaam nachts mei in freon by in wente op It Hearrenfean doe't se de trije manlju dêr stiene. Ien fan harren flybke nei de freon. De frou sei dêr wat fan. mar krige in blikje drinken tsjin de holle oan en waard tsjin de grûn wurke. Se rûn dêrby seare plakken op.

It twatal koe yn de wente komme en hat doe de plysje belle en it kenteken fan de auto trochjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)