Utrecht - Hearrenfean: 0 - 1

21 mrt 2005 - 10:09

SC Hearrenfean hat sneintemiddei mei 0-1 wûn fan FC Utrecht. Yildirim makke yn de 25e minút de iennichste treffer yn in fierder minne wedstriid. FC Utrecht spile yn de twadde helte mei tsien man. Oanfierder Tanghe krige yn de 44e minút syn twadde giele kaart.

FC Utrecht docht mooglik takom seizoen net mei oan Europeesk fuotbal. De klub hat fan de lêste fiif duels mar ien wûn. Hearrenfean is nei dizze oerwinning wer folop yn de race.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)