Utrecht-Cambuur nei de jûn?

11 feb 2014 - 09:56
  • Cambuur-Twente

De KNVB besiket nochris om de fuotbalwedstriden dy't ferpleatst binne yn ferbân mei de atoomtop yn Den Haach op 24 en 25 maart, net middeis mar jûns spylje te litten. Fiif kompetysjewedstriden, wêrûnder FC Utrecht-SC Cambuur, binne ferskood nei 2 en 3 april en moatte middeis om 15.45 oere spile wurde.

Jûns mei net fan de UEFA om't der dan ek Europeesk fuotbal is. De KNVB freget de UEFA no om in útsûndering te meitsjen. Cambuur liet earder al witte net bliid te wêzen mei de begjintiid fan 15.45 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)