Utrecht-Cambuur nei 2 april

07 feb 2014 - 18:41
  • Cambuur-Twente

De wedstriid Utrecht-Cambuur dy't pland stie op snein 23 maart giet definityf net troch. Dat is de útkomst fan in oerlis tusken de plysje, it ministearje fan justysje, de boargemasters en de KNVB. Der is net genôch plysje beskikber fanwege de nuclaire top dy't dat wykein yn Den Haag hâlden wurdt.

De wedstriid is ferpleatst nei woansdeitemiddei 2 april om 15.45 oere. Dêr is Cambuur-direkteur Gerald van den Belt net sa wiis mei. It past net yn it spylskema fan de Ljouwerters, mar ek is it foar supporters hast ûnmooglik hjirby te wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)