Utnoege flechtlingen oankaam

15 sep 2011 - 16:44

Tritich flechtelingen dy't yn Fryslân komme te wenjen, binne tongersdei yn ús provinsje oankaam. Se binne hjir op útnoeging fan it Nederlânsk regear. It binne flechtlingen út in kamp yn Kenia. Se hawwe sûnder in lange asylproseduere fuortendaliks in ferbliuwsfergunning krige. Middeis wie de ûntfangst yn Snits.

De flechtlingen komme te wenjen yn 14 wenten yn Súdwest-Fryslân. Letter dizze moanne komme nochris fjirtich flechtlingen nei Noard-Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)