Utnaaide ko nei rêsthûs

07 feb 2012 - 19:30

De ko dy't ferline wike yn Tsjom troch it iis sakke giet nei it kowerêsthûs yn Sânhuzen. Op de flecht foar de slachter stode de ko de feart op, mar it iis hâlde net. It bist waard kocht troch inkelde bistefreonen, dy't de ko ûnderbringe yn it rêsthûs.

Se ha de ko Sjoerdje neamd nei de earste frou dy't de Alvestêdetocht útried. Yn Sânhuzen wurde mear kij opheind dy't yn de publisiteit kamen nei in flecht foar de slachter. Ien fan de bekendste is ko Victoria fan sjoernalist Karin de Mik dy't yn 1999 fiif dagen yn Surhústerfean omswalke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)