Utnaaid nei oanriding

01 aug 2014 - 06:42

Yn Aldeholtpea is yn de nacht fan tongersdei op freed in bestjoerder útnaaid nei in ûngelok. De automobilist hie in frou oanriden op de Haadwei. De bestjoerder hat nei de botsing noch wol efkes stilstien, mar is dêrnei trochriden.

It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean brocht. De plysje docht ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)