Utnaaid foar drankkontrôle

14 mrt 2009 - 14:18

In ynwenner (25) fan De Jouwer hat yn de nacht nei sneon foar opskuor soarge doe't er útnaaide foar in alkoholkontrôle yn syn wenplak. Doe't de plysje him efternei siet, skeat de man mei hege faasje út de bocht.

De man miste in bocht oan de Kyl en raamde in parkearde auto. Dy skeat ferfolgens foarút en boarre him troch de garaazjedoar. De man waard oppakt en út in azemanalyze op it buro die bliken dat er hast fjouwer kear tefolle alkohol yn it bloed hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)