Utlevering duo duorret langer

04 mrt 2014 - 15:27
  • Antonio van der P. en Enise B. waarden oanhâlden yn Dútslân
  • Profyltekening Antonio Marcos van der P. en Enise Merve B.

De útlevering fan it kriminele duo oan Nederlân sil noch wiken duorje. Dat meldt RTV Noord. Neffens it Dútsk Iepenbier Ministearje wurkje de âld-Harkemaster en syn froulike kompaan net mei oan de útlevering. Dêrtroch duorret de proseduere langer.

It duo waard ferline wike nei in klopjacht oppakt yn in hotel yn Schwerte yn Dútslân. Yn Nederlân hienen se harren skuldich makke oan swiere mishanneling en ûntfiering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)