Utkyktoer op De Jouwer per direkt ticht

24 jul 2015 - 15:26
  • De útkyktoer mei de losse flierplaat sichtber

De gemeente De Fryske Marren slút de útkyktoer op De Jouwer per direkt wer ôf foar publyk. De gemeente is fan miening dat de toer te maklik te sabotearjen is. Ferline wike foel in 14-jierrige famke fan 9 meter nei ûnderen. Sy rekke swierferwûne.

Plysje en gemeente kamen nei ûndersyk ta de konklúzje dat in flierpaniel mei opsetsin loshelle wie. Ferskate saakkundigen twivelje dêroan. De Fryske Marren hat petearen hân mei dizze saakkundigen, mar bliuwt wol by de konklúzje dat it sabotaazje west hat. Ek de plysje giet dêr noch hieltyd fanút.

De gemeente nimt gjin inkel risiko en dêrom bliuwt de toer foarearst ticht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)