Utkyktoer by De Jouwer stiet yn de ferkeap

02 nov 2015 - 14:04
  • De útkyktoer mei de losse flierplaat sichtber

De gemeente De Fryske Marren docht de útkyktoer fan De Jouwer yn de ferkeap. De toer oan de Sewei ferliest syn funksje as it 'Knooppunt Joure' der daliks leit. De gemeente hie de útkyktoer yn 2006 pleatst foar minsken dy't oer de lûdswâl by de A7 hinne sjen woenen. De wâl ferdwynt lykwols mei de oanlis fan de nije 'rotonde'. Ferpleatsen fan de toer is gjin opsje om't der gjin oar moai plak foar is. Ek soenen de kosten, 20.000 euro, te heech wêze.

In soad ynwenners fan de gemeente fine de toer ûnfeilich, neidat fan it simmer in famke fan 14 út de toer foel en swierferwûne rekke. De gemeente en de plysje gean der noch hieltyd fan út dat de toer doe sabotearre is. As der gjin keapers foar de útkyktoer komme, wurdt er sloopt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)