"Utkomst Oekraïnereferindum belangryk foar Nederlânsk imago"

04 apr 2016 - 14:07
  • Direkteur René Kremers fan it Ljouwerter bedriuw Difco International

De útkomst fan it Oekraïnereferindum, kommende woansdei, is belangryk foar it imago fan Nederlân. Dat seit direkteur René Kremers fan it Ljouwerter bedriuw Difco International, dat in soad saken docht yn Oekraïne.

Neffens Kremers pleitet Nederlân oeral op 'e wrâld foar demokratisearring en it respektearjen fan minske- en diererjochten. Krekt dat wurdt op it stuit besocht yn Oekraïne. It is neffens Kremers derom hast net út te lizzen dat ús lân tsjin dit assosjaasjeferdrach wêze soe.

Difco International is in dochterûndernimming fan Van der Ploeg International en hâldt him ûnder mear yn Oekraïne dwaande mei it advisearjen oer, en it ûntwikkeljen fan lânbouprojekten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)