Utkomst erfpachtdebat ûnwis

30 jun 2010 - 18:13

It debat oer de ferheging fan de erfpacht op Skylge en Flylân yn de Twadde Keamer hat woansdei noch gjin dúdlikheid jûn.

De minister is wol ree de oergongstermyn foar de ferheging te ferlingjen fan fiif nei tsien jier. Fierder is praat oer it ferkeapjen fan grûn dy't gjin natuerbelang hat, sa as it plak dêr't it swimbad op Skylge leit. CDA en VVD lykje tsjin de ferheging te stimmen. Wat oare partijen dogge is noch ûnwis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)